Húsdokter Groeneveld fan De Lemmer hat bêste soarchidee 2016

© Omrop Fryslân
Húsdokter Karin Groeneveld fan De Lemmer hat it bêste soarchidee fan 2016 levere. It giet om in app, dy't senioaren dy't help nedich hawwe keppelet oan jongeren dy't in bybaantsje sykje. Groeneveld kaam op it idee fan de app troch har trije tieners, dy't graach in bûssintsje fertsjinje wolle. Neffens de sjuery soarget de app foar in ferbining tusken generaasjes. Groeneveld krijt as priis in bedrach fan 10.000 euro. Mei-elkoar makken fiif ideeën kâns op dy priis.