Gerda Postma stapt op as wethâlder fan Achtkarspelen

Gerda Postma stapt fuortendaliks op as wethâlder fan Achtkarspelen. Se seit dat se net goed funksjonearje kin en dat se har doelstellings op dy wize net helje kin. It is noch mar goed twa moannen lyn dat Gerda Postma op 'e nij ynstallearre waard as wethâlder foar de PvdA yn in kolleezje mei it CDA en de ChristenUnie.
Earder wie de koälysje mei de FNP en Gemeentebelangen Achtkarspelen stikken rûn nei ûnienichheid oer de begrutting. De oare wethâlders en boargemaster Gerbrandy fine it spitich dat se opstapt.
Se respektearje har beslút. De PvdA-fraksje is frege om mei in nije kandidaat te kommen. De rinnende saken wurde waarnommen troch it kolleezje. Gerda Postma hat meielkoar twa jier wethâlder west yn Achtkarspelen en wie ferantwurdlik foar kultuer, ûnderwiis, sosjaal belied wurk en ynkommen. Foardat se wethâlder waard, wie se fraksjefoarsitter fan de PvdA.