SC Cambuur spilet mei 2-2 lyk tsjin FC Grins

SC Cambuur hat de oefenwedstriid tsjin FC Grins mei in lykspul ôfsletten. Yn it Noordlease Stadion waard it 2-2. Sander van de Streek sette de Ljouwerters yn de 2e minút op foarsprong. Yn de 63e minút soarge Jerge Hoefdraad mei in moai lobke foar de twadde Cambuur goal nei in prachtige oanfal. Yn de twadde helte hie Danny Hoesen twa kear súkses foar de Grinzers. Yn de 75e minút mei in yntikker, yn de 88e minút mei in frije traap.
Trainer Sipke Hulshoff wie nei ôfrin optein mei it optreden fan syn ploech. Hy hie syn ploech as ekspiriment yn in saneamde 5-3-2 formaasje it fjild ynstjoerd. "De winsk kaam fanút de groep wei om yn útwedstriden ek ris yn in oar systeem te fuotbaljen. Wat my oanbelanget wie dat in súkses, mar yn thúswedstriden sil dit gjin opsje wêze om't we dan gewoan fan ús eigen krêft útgean wolle", sa sei Hulshoff nei de wedstriid.
Opstelling SC Cambuur: Nienhuis; El Baad (Boutzamar), Erik Bakker, Blackson, Schilder (Peersman), Houtkoop; Bosz (Kip), Hoefdraad, Van de Streek, Hemmen (Conraad), Gouriye (Danny Bakker).