Omrop TIP: Baskyske film Amama op telefyzje

It is in bekend probleem. Bedriuwsopfolging, of yn dit gefal: wa nimt it boerebedriuw fan heit oer? Yn de bûtenlânske film ‘Amama’ stiet dy wrakseling sintraal. Ta gelegenheid fan it Noordelijk Film Festival yn Ljouwert stjoert Omrop Fryslân op freed 11 novimber de film Amama út op Omrop Fryslân Telefyzje. Omrop Fryslân fertoant de film mei Fryske ûndertitels.
Amama giet oer in Baskyske boerefamylje dy't wrakselet mei it probleem fan de bedriuwsopfolging. In famyljedrama, dat him ôfspilet ûnder de eagen fan Amama (beppe).
Wa nimt de boerepleats oer fan heit? De âldste soan emigrearret, de jongste wurdt ûngeskikt fûn. De druk komt folslein by de dochter te lizzen, wylst sy gjin boerinne mar keunstner wêze wol. De tematyk fan it boerebestean yn Baskelân is ek foar it Fryske plattelân werkenber. Want hoefolle Fryske boeren wrakselje wol net mei de opfolging?
De Baskyske sinema hat de lêste jierren in heech nivo berikt. De film is makke foar in ynternasjonaal publyk, mei in cast dy't bestiet út profesjonele akteurs en amateurs. De beppe, Amama, makke op har 80ste har debút yn dizze film.
De film Amama is jûn om 21.00 oere te sjen op Omrop Fryslân Telefyzje. De trailer is no al hjir te sjen. De film is yn it Frysk ûndertitele troch Geertrui Visser.