Plysje siket nei kwartet dieven

© ANP XTRA
Yn ferbân mei de stellerij yn in winkel op de Centrale yn Ljouwert is de plysje op syk nei twa manlju, in frou en in bern. Nei de stellerij is it fjouwertal útnaaid yn de rjochting fan de Bristol. Alle fjouwer fertochten binne licht tinte. De iene man is keal, de twadde man hat lange dreadlocks oant op 'e rêch. De froulike fertochte hat in felrôze trui oan en in mûtse mei in pompoen derop op 'e holle. Minsken dy't it fjouwertal sjogge, wurde oproppen kontakt op te nimmen mei de plysje.