Plysje siket tsjûgen fan in oerfal yn Ljouwert

© ANP
De plysje siket tsjûgen fan in oerfal tiisdeitejûn oan de Foarstreek yn Ljouwert. Dy oerfal - op in man fan 52 jier - like gau oplost, mar it die bliken dat de plysje de ferkearde minsken oanhâlden hie.
Koart nei de oerfal krige de plysje de tip dat de oerfallers yn har auto op it Fliet rieden. De auto waard oanhâlden en de plysje wie dêrby ekstra foarsichtich, omdat se tochten dat de ynsitters mooglik wapens by har hiene. Uteinlik die lykwols bliken dat de trije manlju yn de auto hielendal neat mei de oerfal te meitsjen hiene.
Se binne wer frijlitten. By de oerfal rekke it slachtoffer fan 52 ferwûne, doe't hy foar de oerfallers útnaaie soe. De plysje docht no wer fierder ûndersyk en hopet mei help fan tsjûgen mear te witten te kommen.