Unwisse tiden foar bedriuwen nei ferkiezingsútslach Amearika

09 nov 2016 - 13:07

Foar bedriuwen dy't saken dogge mei Amearika binne it no ûnwisse tiden. De ferkiezingsútslach kin behoarlike ekonomyske gefolgen ha. It Frysk/Amerikaanske bedriuw Nielsen-Massey besiket posityf te bliuwen nei de winst fan Trump yn Amearika.

It is in selstannich bedriuw yn Ljouwert, mar mei in haadfestiging yn Amearika dêr't ek de oandielhâlders sitte. Sy meitsje hjir fanylje-ekstrakten, mar ymportearje ek smaken út Amearika.

Direkteur Bouwe de Vries is oan de iene kant benaud dat der aanst ymporttariven komme as reaksje op deselde soart maatregels yn Amearika. Mar oan de oare kant kin it wol wat lije, sjoen de kwaliteit fan dy produkten.

De ferkiezing fan Trump as nije presidint fan Amearika hoecht net negatyf út te pakken foar it Fryske bedriuwslibben. Neffens Greta Jager fan de Eksportklup Fryslân sille de Amerikanen benammen nei kwaliteit sjen en dat biede Fryske bedriuwen. Sy sjocht dan ek foaral kânsen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)