Mobiliteitssintrum foar bettere berikberens

09 nov 2016 - 12:28
Connexxion - Foto: ANP XTRA

De gemeenten yn Noardeast-Fryslân en de provinsje wolle de mobiliteitssintrale oant ein 2020 foarearst oan Connexxion Taxi Services gunne. De ferfierder hie de geunstichste ynskriuwing. De oare bedriuwen dy't ek ynskreaun hienen, kinne oant ein novimber reagearje. Ofhinklik fan eventuele beswieren is op 28 novimber de gunning definityf.

Fan 1 augustus 2017 ôf soarget de mobiliteitssintrale derfoar dat it learlingeferfier en it Wmo-ferfier, mar ek lytser iepenbier ferfier lykas de Opstapper better op elkoar ôfstimd wurde kinne.

Leefberens

"Wy binne bliid mei dizze earste stap nei in nij systeem foar ferfier yn Noardeast Fryslân", seit wethâlder Pytsje de Graaf. "Mei dat nije systeem bliuwe de ynwenners dy’t dat nedich hawwe ek yn de takomst mobyl. Dat is wêr’t we dit foar dogge. Ek wolle we sjen hoe’t we aanst yn de útfiering ek lokale ûndernimmers belûke kinne.” Deputearre Johannes Kramer meldt dat yn dat nije systeem aanst ek plak is foar de Opstapper. "Dit projekt giet net allinnich oer ferfier en mobiliteit, mar ek oer leefberens. We soargje derfoar dat elkenien aanst ek by foarsjennings lykas dokter of winkel komme kin. Ek as dy miskien fierder fuort binne as no it gefal is."

Fleksibeler

Reizgers yn de gemeenten Achtkarspelen, Dantumadiel, Dongeradeel, Ferwerderadiel, Kollumerlân en Tytsjerksteradiel kinne de mobiliteitssintrale belje om in reis te regeljen, bygelyks nei de dokter. De mobiliteitssintrale plant de rit yn en soarget dat op it winske tiidstip in auto en sjauffeur foar de doar stiet. De sintrale hat sels gjin auto’s of sjauffeurs. De oanbesteging foar it ferfier - auto’s en sjauffeurs - begjint ein dit jier. De regy op it ferfier en it riden fan de ritten wurde sa út elkoar helle. Sa kin de regio fleksibeler ynspylje op aktuele maatskiplike ûntwikkelingen. Boppedat ûntstiet der mear romte foar regionale ûndernimmers yn it ferfier.

(advertinsje)
(advertinsje)