"Fertochte fan deadlik ûngelok luts oan de hânrem"

© RTV Noord
De 45-jierrige man dy't fêstsit foar it deadlik ûngelok op de Plataanlaan yn Grins, soe "voor de gein" oan de hânrem lutsen ha. Dat melde boarnen oan RTV Noord. By it ûngelok kaam de 35-jierrige Daniël Postema út Grins, fuotballer by VV Waskemar, om it libben.
In 26-jierrige teamgenoat fan Postema leit swierferwûne yn it sikehûs. Njonken de twa slachtoffers en de fertochte siet der noch in persoan yn de auto.
Fangrail
De plysje docht noch hieltiten ûndersyk nei de krekte oarsaak fan it ûngelok. Tiisdei waard bekend dat op it plak fan it ûngelok eins in fangrail stean moatten hie. De auto botste op in betonnen pilaar.
Op oare plakken op de krekt ferboude dyk stean al wol nije fangrails, mar krekt op dit plak hie de gemeente Grins fertraging oprûn by it pleatsen fan de fangrail.