Heechste rjochter stiet bou fan kowestâl dochs ta

© Omrop Fryslân, Bauke Deelstra
De protesten tsjin de bou fan in kowestâl oan de Wieldyk yn De Gaastmar binne troch de Ried fan Steat ôfwiisd. Neffens it rjochtskolleezje past de stâl fan melkfeehâlder Jelle Zeilstra binnen it bestimmingsplan.
Fjouwer omwennens hiene beswier oantekene. De stâl soe net binnen it bestimmingsplan passe en soe harren útsicht bedjerre. Der is yn de proseduere in soad mis gien. De gemeente wegere de fergunning yn earste ynstânsje en tsjinstanners waarden net heard troch de rjochtbank.
De feehâlder wol yn desimber mei de bou begjinne.