Bern yn Winsum skowe oan by nasjonaal skoalbrochje

It moarnsbrochje is it wichtichste iten fan de dei, mar der binne noch hieltyd in soad bern dy't dan neat ite. It nasjonaal skoalbrochje moat dêr feroaring yn bringe.
Foar de 14e kear krije dit jier sa'n heal miljoen basisskoalbern op skoalle in foarbyldbrochje. Lanlik dogge 2720 skoallen mei. Ek op basisskoalle It Bynt yn Winsum kamen de bern woansdeitemoarn hongerich binnen.
As bern net goed ite moarns, kin dat grutte gefolgen hawwe. De kâns op oergewicht wurdt dan grutter. In sûn moarnsbrochje is dêrom tige wichtich, seit ek bernediëtist Jildau Leemburg.