Marit Bouwmeester grypt neist mondiale sylpriis

Marit Bouwmeester mei har gouden Olympyske medalje 2016 © ANP
Sylster Marit Bouwmeester fan Warten is net útroppen ta bêste sylster fan de wrâld. Dat is tiisdeitejûn bekend wurden yn Barcelona. De Olympysk kampioene yn de Laser Radial klasse wie mei fjouwer oare kandidaten nominearre foar de titel. De Britske sylsters Hannah Mills en Saskia Clark, de Olympysk kampioenen yn de 470-klasse, giene mei de priis oan de haal.
De 28-jierrige Bouwmeester makket dizze moanne ek noch kâns op de Conny van Rietschoten Trofee, de priis foar de bêste Nederlânske siler fan it jier.