Alve kij út put helle yn Menaam

© ANP
Op in buorkerij yn Menaam binne tiisdei alve kij út in put helle. De kij wiene troch de flier sakke en bedarren dêrtroch yn in put ûnder de stâl.
De brânwacht fan Menaam, Marsum en Ljouwert waarden foar it ynsidint oproppen en hawwe de kij út de put lutsen. Ien fan de bisten hat de fal net oerlibbe. De oare tsien kij binne mei de skrik frijkaam. Al mei al duorre de rêdingsaksje sa'n fjouwer oeren.