UPDATE: Wapene oerfal op wenning yn De Trieme

08 nov 2016 - 21:15

In man út De Trieme is tiisdeitejûn ferwûne rekke by in wapene oerfal op syn wenhûs oan De Trieme. De man en syn frou wiene thús op it momint fan de oerfal, dy't om likernôch healwei njoggen barde. It is noch net dúdlik wat it slachtoffer foar ferwûningen hat.

Der wurde trije manlju socht yn ferbân mei it ynsidint. Twa fan de oerfallers hiene in DHL-shirt oan. De tredde hie in sjaal om en donkere klaaiïng oan. Omwenners wurde oproppen om har by de plysje te melden as sy ynformaasje oer de oerfal hawwe.

Minsken wurdt ôfret om sels aksje te ûndernimmen as sy de fertochten sjogge. De plysje docht ûndersyk nei de oerfal en is op syk nei de fertochten. De ferwûne man en syn frou krije medyske en psychyske helpferliening.

Trefwurden: 
De Trieme oerfal
(advertinsje)
(advertinsje)