Mooglik wer in nije Sterke Yerke
Hast fjirtich jier nei de legindaryske tocht fan it flot Sterke Yerke yn 1979 komt der mooglik in ferfolch. In part fan de âlde bemanning tinkt nei oer de bou fan in nij flot yn Harns. Mar dêrfoar is wol jild nedich. Al mei al soe it gean om hast 300.000 euro. Fan dat jild soe net allinnich in nij flot boud wurde moatte, mar moat ek it Sterke Yerke Monumint op Bonaire opknapt wurde en moat der in grut wetterfestival komme yn de Prinsetún yn Ljouwert mei Kulturele Haadstêd 2018.
Fjouwer jonge Friezen stutsen yn 1979 mei in sels boud flot de Atlantyske Oseaan oer. Mei de tocht woene se ûnder oaren omtinken freegje foar de wetterfersmoarging op see. De tocht einige goed 100 kilometer fan de kust fan Bonaire doe't it flot sonk.