Net folle mear 65-plussers sûnder medyske reden nei MCL

Sikehûs MCL yn Ljouwert sjocht gjin grutte groei fan it tal 65-plussers dat sûnder medyske reden nei de Spoedeaskjende Help takomt. Ut ûndersyk fan de NOS docht bliken dat lanlik sjoen wol hieltyd mear âlderen nei de Spoedeaskjende Help fan in sikehûs ta stappe wannear't se dêr medysk sjoen neat te sykjen hawwe.
Sa'n situaasje wurdt yn it MCL in persoan mei in 'sosjale yndikaasje' neamd. Dat komt yn Ljouwert net faak foar. "Op sommige momenten worden 65-plussers met een sociale indicatie opgenomen op onze verpleegafdeling."
"Die aantallen zijn echter heel erg laag, ze komen nauwelijks voor."
Wol sjocht it sikehûs hieltyd mear âlderen by de Spoedeaskjende Help (SEH). Yn 2015 wie der sels in tanimming fan 15% yn fergeliking mei it jier der foar. Dat komt neffens it MCL troch ûnder oare de fergrizing mar ek troch de feroaringen yn de soarch. Dêrom komme der maatregels, de SEH sil yn it MCL nei nijbou folle grutter wurde mei mear behannelromten.