UPDATE: Brân op boat yn Wâldsein

08 nov 2016 - 19:00
By de brân yn de Welle yn Wâldsein kaam in soad reek frij - Foto: De Vries Media

By in brân op in boat yn de jachthaven fan Wâldsein is tiisdeitejûn de kajút fan in boat útbaarnd. De brânwacht kaam mei in bluswein en twa boaten op it fjoer ôf. Om't by de brân in soad reek frij kaam, waarden omwenners oproppen om doarren en ruten ticht te hâlden. De brânwacht hie de brân gau ûnder kontrôle.

De oarsaak fan de brân is noch net bekend.

Trefwurden: 
brân Wâldsein
(advertinsje)
(advertinsje)