Lutz Jacobi wol listlûker PvdA Ljouwert wurde

08 nov 2016 - 18:51

Lutz Jacobi wol listlûker wurde foar de PvdA yn Ljouwert. Dat sei Jacobi yn it politike programma fan Omrop Fryslân, It Polytburo. Yn novimber 2017 binne de gemeenteriedsferkiezings. De Wergeaster ferlit takom maitiid nei tsien jier de Twadde Keamer.

As har nije wurk it talit wol se har foar har partij yn Ljouwert ynsette. It is noch net wis oft der mear kandidaten har melde as listoanfierder. Yn dat gefal komt der ek yn Ljouwert mooglik in listlûkersferkiezing. By de foarige riedsferkiezings yn de haadstêd wie Henk Deinum de listlûker.

(advertinsje)
(advertinsje)