EK tsjinstanners Oranje Liuwinnen bekend

Keeper Loes Geurts en middenfjilder Sherida Spitse witte nei de lotting foar it EK fuotbal 2017 yn Nederlân de tsjinstanners. Nederlân moat it opnimme tsjin Noarwegen, Denemarken en België. De groepswedstriden wurde fan 16 o.e.m. 27 july 2017 spile yn Breda, Doetinchem, Deventer, Enschede, Rotterdam, Tilburg en Utrecht. De nûmers 1 en 2 fan de fjouwer groepen gean fierder nei de kwartfinales. Op 6 augustus is de finale yn Enschede.