Betinking delstoarte Wellington by Soarremoarre

By Soarremoarre tusken Akkrum en Aldeborn is tiisdeitemiddei betocht dat dêr 75 jier lyn in Nij-Seelânske Wellington delstoarte. It fleantúch is troch in Dútske jager delsketten. Neist bern en wethâlder Broekhuizen fan de gemeente Hearrenfean wienen der ek fertsjintwurdigers fan de Nij-Seelânske ambassade en it Britske leger oanwêzich.
De betinking sette útein yn it museum Haagsma yn Aldeboarn, wêrnei't elkenien rjochting it plak gong dêr't it fleantúch del kaam. Der is no in monumint en dêr binne krânsen lein.