Undersyk nei belangeferfrisseling yn de soarch

08 nov 2016 - 16:58
Soarchgroep Alliade - Foto: Omrop Fryslân, Froukje Sijtsma

Der komt in ûndersyk nei belangeferfrisseling yn de soarch. Dat meldt RTL Nieuws. De Twadde Keamer hat in moasje fan de SP dêroer oannaam. Oanlieding foar de moasje wie it nijs by RTL oer belangeferfrisseling by soarchgroep Alliade fan It Hearrenfean. Twa direkteuren joegen mei jild fan Alliade opdrachten oan bedriuwen dêr't se sels eigener fan wienen. Steatssekretaris Martin van Rijn fan Folkssûnens hie earder al sein dat er de moasje oernimme soe.

It rinnende ûndersyk nei belangeferfrisseling by Alliade wurdt ek útwreide. CDA en VVD wolle dat alle jildstreamen nei de bedriuwen fan de direkteuren yn kaart brocht wurde. In moasje dêroer is ek oannaam. De twa direkteuren binne yntusken opstapt by Alliade.

(Advertinsje)
(Advertinsje)