Twadde bestjoerder foar sikehûs Nij Smellinghe

Sikehûs Nij Smellinghe yn Drachten krijt in twadde man yn de ried fan bestjoer. It giet om de 44-jierrige Theo Hiemstra, dy't no foar in soarchgroep yn Harderwyk wurket. De ried fan tafersjoch fan Nij Smellinghe fynt dat it sikehûs ferlet hat fan in twadde bestjoerder, omdat der in soad feroaret yn de soarch.
Hiemstra hat in soad ûnderfining yn de soarch, ek as it giet om feroaring of fernijing. Hy sil him foaral dwaande hâlde mei it belied foar de kommende jierren en de ynterne organisaasje fan Nij Smellinghe.