Hûs keapje yn Opsterlân wurdt makliker

Gemeente Opsterlân © Omrop Fryslân
Minsken dy't foar it earst in hûs keapje, krije it yn Opsterlân makliker. Want de gemeente makket it makliker om in startersliening te krijen. Je hoege no gjin sosjale of ekonomyske bining mear mei de gemeente te hawwen. Opsterlân fersoepelet de regels, omdat de gemeente hieltiten minder ynwenners krijt. De gemeente hopet foaral jonge gesinnen te lûken.