Wenfoarm foar minsken yn 'e bernskens yn Wytmarsum

08 nov 2016 - 15:24

It âlde gemeentehûs fan Wûnseradiel yn Wytmarsum wurdt op it stuit ferboud ta in partikuliere soarchynstelling dêr't minsken mei demintens wenje kinne. Yn totaal realisearret soarchoanbieder September santjin apparteminten mei eigen baaikeamer.
Septimber biedt partikuliere soarch dy't fergoede wurdt út PGB-jild.

Troch te besunigjen op overhead en ekstra managementlagen seit September bettere soarch biede te kinnen. Takom freed en freed 18 novimber is der in spesjale ynformaasjemiddei. De ferbouwings binne dan noch net klear.

Minsken kinne al wol in yndruk krije fan de apparteminten. De earste oanmeldings binne al binnen.

Earste yn Fryslân

It is de earste soarchynstelling dy't September yn Fryslân realisearret. Op trije oare plakken yn Nederlân binne fergelykbere wenfoarmen opset. Liedingjaande Caroline Krol fan de wenfoarm yn Wytmarsum: "In principe zijn de appartementen bij September bedoeld voor mensen met dementie, maar hun eventuele partner kan hier ook wonen, maar soms is dat niet haalbaar. Naast het oude gemeentehuis realiseert thuiszorgorganisatie Patyna appartementen voor mensen die wel zelfstandig kunnen wonen. Onze gebouwen zijn middels een gang aan elkaar verbonden." Op dy wize kin ien mei demintens by September wenje en kin de selsstannige partner op himsels wenje.

(Advertinsje)
(Advertinsje)