Ferkeap fan motoaren sit yn 'e lift

It giet wer better mei de ferkeap fan motorfytsen. Ut de nijste sifers fan de Bovag en de RAI blykt dat oant en mei oktober in lytse 12.000 motoaren ferkocht binne en dat is hast tsien persint mear as ferline jier yn deselde perioade. It djiptepunt lei yn 2013, doe't oer it hiele jier mar goed njoggentûzen motoaren in nije eigener fûnen.
Aparte sifers foar Fryslân binne net bekend. Ek motorhanneler Joop Hoekstra út Skearnegoutum fernimt dat it wer wat better giet as in pear jier lyn.