Fernimme sikehuzen de pasjintestop by Nij Smellinghe?

It sikehûs Nij Smellinghe yn Drachten © Omrop Fryslân, Joris Kalma
It is no goed twa wiken lyn dat sikehûs Nij Smellinghe yn Drachten foar in part in pasjintestop ynfierde. Allinnich pasjinten dy't al yn in soarchtrajekt sitte of nije pasjinten mei spoedeaskjende klachten wurde noch holpen. Kin in behanneling ek letter, dan wurdt dat pas yn it nije jier ynpland.
It Drachtster sikehûs hat it noch altiten like drok, ek al wurde pasjinten dy't net spoedeaskjend binne, pas takom jier holpen. Dêrneist seit it sikehûs goed taret te wêzen op de earste moannen fan it nije jier. "Het is niet zo dat januari al helemaal volgepland zit en we geen ruimte meer hebben voor afspraken", seit Judith Velting fan Nij Smellinghe.
Mar hoe sit it by de oare sikehuzen yn ús provinsje? Sykje minsken út Drachten en omjouwing no in oar sikehûs op?
Tjongerskâns
By sikehûs Tjongerskâns op It Hearrenfean fernimme se de gefolgen fan de pasjintestop by Nij Smellinghe. It tal pasjinten dat út it fersoargingsgebiet fan Nij Smellinghe no nei It Hearrenfean komt, is nei de ynfiering fan de stop mear as ferdûbele. It giet dan om de trochferwizings foar de polykliniken.
Antonius
It Antonius sikehûs yn Snits kin noch net sizze oft der werklik mear minsken út de omjouwing fan Drachten nei har lokaasje komme. Wol krijt it sikehûs in soad telefoantsjes fan minsken út it fersoargingsgebiet fan Nij Smellinghe, dy't freegje oft se ek yn Snits foar soarch terjochte kinne.
MCL
Yn Ljouwert fernimme se net echt dat it drokker wurden is. Hjir binne de gefolgen fan de maatregels fan Nij Smellinghe dus net te fernimmen.
Sionsberg
Ek yn Dokkum by Sionsberg is it tal pasjinten út de omjouwing fan Drachten de lêste tiid tanommen. It sikehûs kin fernimme dat der mear minsken nei Dokkum komme.