Betinkingskonsert yn Ljouwert

16 maaie 2012 - 14:49

Mei in bysûnder konsert is ôfrûne wykein yn Ljouwert betocht dat de ferneamde komponist Jan Pieterszoon Sweelinck 450 jier werom yn Dimter berne waard. Yn de Waalske tsjerke waard wurk fan him en syn tiidgenoaten spile troch Theo Jellema op oargel, Menno van Delft op klavesimbel en songen troch bariton Hans Scholing.

Op 26 maaie en 16 juny binne der yn de Waalske tsjerke ek noch konserten fan dit selskip

(advertinsje)
(advertinsje)