Elfstedenhal is net bang foar konkurrinsje Thialf

08 nov 2016 - 12:35

De Ljouwerter Elfstedenhal is net benaud foar de konkurrinsje fan Thialf, no't de iishal op It Hearrenfean wer iepen is. De lêste tiid moasten sawol rekreanten as reedrydtoppers gebrûk meitsje fan de fonkelnije hal yn Ljouwert. Dat smiet sa no en dan wol wat argewaasje op. Sa koenen rekreanten faaks net op de baan as de toppers traine moasten. "Wy fine it spitich dat we de toppers no wer misse moatte, mar we kinne ús no folle mear rjochtsje op ús eigen doelgroep: de bern en rekreanten", sa seit direkteur Johan van der Kooi.

Romte

It smyt ek wer wat romte op yn de drokke Elfstedenhal, sa seit Van der Kooi: "Ferline wike rûnen skoalbern en toppers inoar noch letterlik yn it paad." De iishal tinkt sels dat se in kwaliteitsslach meitsje kinne om't der no wer rommere iepeningstiden mooglik binne op it iis.

Kostet gjin omset

De Elfstedenhal seach de toppers as ekstra omset en giet no wer werom nei 'normale' ynkomsten', der wurdt dan ek net ferwachte dat de iepening fan Thialf de Ljouwerter hal omset kostje sil.

Trefwurden: 
Elfstedenhal Thialf iishal
(Advertinsje)
(Advertinsje)