"Registrearje searjenûmers fan kostber guod"
Tsien Fryske gemeenten komme yn de oanrin fan de feestdagen mei in kampanje tsjin heling. Se roppe ynwenners op om de searjenûmers fan kostbere kado's dy't mei Sinteklaas en de krystdagen útdield wurde, op te skriuwen en te registrearjen op de webside.
In goede registraasje makket de kâns dat dieven en helers pakt wurde grutter. Dêrneist jouwe de gemeenten tips om wenningen better te befeiligjen. Neffens de gemeenten waard der yn 2015 gemiddeld mear as 30 kear yn de wike ynbrutsen yn Fryslân.
Dielnimmende gemeenten yn Fryslân binne Achtkarspelen, De Fryske Marren, Dongeradiel, Harns, Hearrenfean, Ljouwert, Smellingerlân, Súdwest-Fryslân, Tytsjerksteradiel en Weststellingwerf.