Plysje pakt fertochte op foar stekpartij yn Drachten

Súdkade yn Drachten © Sicco Riedstra
De plysje hat in 57-jierrige man út Easterwâlde oppakt foar it stekynsidint yn Drachten ôfrûne wike. Dêr soe de man in 36-jierrige plakgenoat delstutsen hawwe nei in rûzje. Dat barde oan de Súdkade. It slachtoffer rûn stekwûnen op yn de earm en it skonk. Hy moast foar behanneling nei it sikehûs.
De fertochte naaide nei de stekpartij út yn in grize peugeot. De plysje wist op basis fan de ferklearring fan it slachtoffer al wa't de fertochte wie. Hy is moandeitejûn oppakt. De man sit noch fêst en wurdt heard.