Organisaasjes ferbjustere oer beslút gaswinning

De Waadferiening, GasTvrij Terschelling en de wurkgroep VrijeHorizon Schiermonnikoog binne ferbjustere en teloarsteld oer it beslút fan minister Henk Kamp om dochs gaswinning yn it Waadgebiet ta te stean. De minister hat yn in brief oan de Twadde Keamer witte litten plannen foar gaswinning te stypjen en giet dêrmei, neffens de tsjinstanners, tsjin it belied fan de Keamer yn.
Boaiemdelgong
De tsjinstanners binne bang foar boaiemdelgong yn it gebiet, dat ferline wike noch ta moaiste natuergebiet fan Nederlân útroppen is. Dêrneist soe gas dat ûnder Skylge wei helle wurde mei, ekstra skealik wêze foar it miljeu om't der in soad co2 yn sit. De tsjinstanners riede harren no ta op lange en kostbere juridyske prosedueres.