Swimbad De Blauwe Golf wurdt tenei ferwaarme mei hout

08 nov 2016 - 10:57

Swimbad de Blauwe Golf en Sporthal Rengers yn Ljouwert wurde fan 15 novimber ôf ferwaarme mei in houtstookynstallaasje. It hout dat nedich is foar de ferwaarming komt fan it grienûnderhâld fan de gemeente.

It hout ferfangt de 450.000 kuub gas dy't no jierliks noch nedich is.

Sinnepanielen

De Blauwe Golf is net it earste swimbad dat besiket de stookkosten omleech te krijen. By bygelyks swimbad De Welle yn Drachten binne dizze simmer sinnepanielen oanskaft. In maatregel dy't mear swimbaden naam ha.

Yn totaal lizze der mear as 11.000 sinnepanielen op en by it Drachtster swimbad: 860 op it dak en 318 op de grûn. Dy wekje sawol stroom as waarmte op. Sportbedrijf Smellingerlân hat subsydzje krigen om de sinnepanielen oan te skaffen.

Restwaarmte

Swimbad De Kûpe yn Bûtenpost wurdt sûnt in lytse twa jier waarm hâlden mei help fan restwaarmte. It swimbad hat yn gearwurking mei buorman Essentra Extrusion in waarmtekeppeling oanlein wêrtroch beide partijen profitearje kinne.

De restwaarmte fan Essentra kin sa foar in goed doel brûkt wurde. Mei dizze metoade besparret it swimbad alle jierren hast in ton oan kosten.

(advertinsje)
(advertinsje)