12 jier sel yn saak Bouma

16 maaie 2012 - 14:25

In frou út Frjentsjer is woansdei opnij ta tolve jier selstraf feroardiele foar de deaslach op har skoanmem Pietje Bouma. Der wie yn heger berop troch it iepenbier ministearje 18 jier selstraf tsjin har easke.

It iepenbier ministearje fynt dat de frou yn it foar betocht hat dat se har skoanmem om it libben bringe woe en dat it dêrom om moard giet. It gerjochtshôf fynt dat dêr gjin bewiis foar is en dat it om deaslach giet. It bliuwt dêrom by de eardere straf fan tolve jier sel. De frou en har advokaat wiene net by de útspraak oanwêzich.

(advertinsje)
(advertinsje)