Kattekafee yn Ljouwert iepenet de doarren

08 nov 2016 - 10:03
Kattekafee Amsterdam - Foto: ANP

Ljouwert hat sûnt tiisdei ek in saneamd kattekafee. Op it Noordvliet hat kattekafee 'Poespas' de doarren iepene. Klanten kinne dêr in kop kofje of tee drinke en ûnderwilens mei de fjouwer katten dy't der omrinne krûpe. It kafee wurdt laat troch kliïnten fan soarchgroep Rondomzorg as deibesteging. De ynkomsten fan de hoarekasaak floeie wer werom yn de soarch.

De plannen foar 'Poespas' binne al fan begjin dit jier, mar it wie dreech om de finansiering rûn te krijen. Mei in benefytkonsert en in crowdfundingaksje is it dochs slagge. Yn Nederlân binne der al kattekafees yn Amsterdam en Grins.

Trefwurden: 
Ljouwert kattekafee
(Advertinsje)
(Advertinsje)