De Gordyk ûndersiket mooglikheden foar doarpsstipepunten

Yn lytse doarpen besteane se al: doarpsstipepunten. Mar kin soks ek út yn de gruttere doarpen. Dat wol De Gordyk ûndersykje. Dêrom is dêr tiisdeitejûn in gearkomste foar buertferienings en bewenners. Fragen dy't foarbykomme: Jouwe jo help oan âldere wykbewenners? Drinke jo wolris in kop kofje by in iensume buorfrou? En wurdt dit soarte buorljuhelp ek yn de takomst noch dien? Hoe kin it dan regele wurde?
De gearkomste is in inisjatyf fan Pleatslik Belang De Gordyk en Timpaan Welzijn.