Hans Spekman: "Laf dat Monasch zijn zetel houdt"

08 nov 2016 - 06:57
Foto: Omrop Fryslân, René Koster

PvdA-partijfoarsitter Hans Spekman is net te sprekken oer it feit dat Snitser Jacques Monasch syn sit yn de Twadde Keamer hâldt. Monasch stapte moandei út de partij. Spekman neamt it "laf" dat it keamerlid wol yn de Twadde Keamer sitte bliuwt en de sit net weromjout oan de PvdA.

"Het feit dat hij met maar 2200 voorkeursstemmen wel die zetel behoudt, dat zegt voor mij wel heel veel. Dat vind ik laf'', aldus Spekman by it programma Pauw.

"Applausmachine"

Monasch stelde him kandidaat foar de listlûkersferkiezing fan de partij, mar luts him moandei werom. Inkelde oeren letter makke er bekend út de partij te stappen. It keamerlid wie it op in oantal punten net iens mei de PvdA, ûnder oaren it flitslidmaatskip.

Spekman slút net út dat de Snitser in eigen partij begjint. "Dan hoeft hij dat vast niet op een democratische manier te doen. Dan is hij een minidictator en zet hij er een paar vazallen omheen en dan is het een applausmachine."

(Advertinsje)
(Advertinsje)