Nachtfroast: struiauto's binne wer op paad

08 nov 2016 - 06:22
Previntyf struie (argyffoto) - Foto: ANP

Ferkear moat tiisdeitemoarn fanwegen de froast fan moandeitenacht rekken hâlde mei glêde diken. Rykswettersteat en gemeenten hawwe de struiauto's op paad stjoerd op ferskate plakken yn ús provinsje.

Boppedat is der op guon plakken sprake fan mist. Op www.rijkswaterstaatstrooit.nl binne de struiauto's live te folgjen.

Trefwurden: 
glêdens froast struiauto
(Advertinsje)
(Advertinsje)