Tal famkes by technyske opliedingen nimt stadichoan ta

07 nov 2016 - 22:48

Stadichoan nimt it oantal famkes dat foar technyske opliedingen kiest ta by it Friesland College, seit Bettina Bralts fan de skoalle. By de nije oplieding Human Technology bestiet bygelyks de helte fan de studinten al út froulju en ek de oplieding boukunde is al hast sa fier.

Dochs bliuwt it nedich om famkes foar technyk te ynteressearjen, lykas moandeitejûn yn Ljouwert mei de saneamde VMBO-MBO-brug Friesland. In groepke fan sân vmbo-learlingen fan OSG Piter Jelles De Dyk wurdt tsien dagen lang ûnderdompele yn de wrâld fan de technyk.

Dêrby sjogge de froulju net allinnich by technyske opliedingen om 'e hoeke, mar ek by bedriuwen. Ien fan de wichtichste pylders ûnder it projekt is it kontakt mei fakfroulju yn de technyk. Moandei sette dizze technykyntroduksje foar de fjirde kear útein.

(Advertinsje)
(Advertinsje)