Eigener Jonkman ferslein nei brân yn garaazjebedriuw

07 nov 2016 - 22:31

Garaazje-eigener Ronald Jonkman kin it noch hieltiten net rjocht leauwe. Sneintejûn rekke hy syn bedriuw yn Berltsum kwyt. Nei in brân is der neat mear oer fan de garaazje dy't er yn tsien jier tiid opboud hat. Der stienen twa auto's yn, mar ek ûnderdielen dy't hast net mear te krijen binne, lykas in pear stuollen út de jierren '60 foar in Porsche.

"Ik libje op dit momint noch yn in roes, tink ik. Der is in hoop regelerij hjoed en juster en foar de rest kin ik it my noch net sa goed beseffe", sa seit in fersleine Jonkman.

Jonkman hat in soad help oanbean krigen, mar fertrout derop dat er wer op 'e nij begjinne kin. "Ik kin gewoan wol auto's trochferkeapje, dat is gjin probleem. Allinnich it pân en alles wat der yn stie, dêr is neat fan oer."

Trefwurden: 
brân Berltsum
(Advertinsje)
(Advertinsje)