Trije froulju út Drachten feroardiele foar stellerij

© Omrop Fryslân
Trije froulju út Drachten fan 33, 34 en 44 jier streupten op 29 septimber ferline jier fjouwer winkels yn Burgum ôf. Moandei stiene se foar de rjochter en waarden se feroardiele ta wurkstraffen fan 50 oeren.
Doe't de froulju ferline jier oanhâlden waarden, leine der sa'n 70 artikels yn harren auto. Se hiene guod stellen by de Hema, de Aldi en twa kleanwinkels. Yn de Hema waarden de froulju betrape en koene dêrnei oanhâlden wurde.
De froulju bewearden foar de rjochter dat se hielendal net fan doel wiene om guod te stellen en dat se fan elkoar ek net wisten dat se oan it stellen wiene. "We gingen gewoon voor de gezelligheid. We waren gewoon aan het chillen", sei ien fan de fertochten. Omdat se alle trije al earder wurkstraffen hân hiene, hiene se no eins in finzenisstraf krije moatten, mar dat soe yngripende gefolgen hawwe foar de fertochten en harren gesinnen. Dêrom hold de rjochter it by in selstraf foar de iene dei dy't se al fêstsitten hiene en de 50 oeren wurkstraf.