'De Friese Zaak' helpt ûndernimmers by de wâl op

07 nov 2016 - 20:26

Stipe-organisaasje foar ûndernimmers 'De Friese Zaak' is moandei formeel úteinset. By organisaasje kinne ûndernimmers dy't yn swier waar sitte, tydlik stipe krije fan studinten en/of âld-ûndernimmers om de saak wer op 'e rit te krijen.

It Bureau Zelfstandig Fryslân, de stichting Ondernemersklankbord, hegeskoalle NHL en de gemeente Ljouwert hawwe dêr moandei in yntinsjeferklearring foar tekene. Steatssiktaris Jetta Klijnsma wie dêr ek by om it belang te ûnderstreekjen.

Yn Rotterdam is earder in fergelykber inisjatyf naam, dat al hiel wat ûndernimmers holpen hat. Foar steatssiktaris Klijnsma wie de gearkomste de ôfsluting fan in dei mei meardere besites oan organisaasjes yn Súdwest-Fryslân en Ljouwert.

(advertinsje)