Fiif films om net te missen op it Noordelijk Film Festival

08 nov 2016 - 07:10
Iepeningsfilm 'Magnus' - Foto: Noordelijk Film Festival

Woansdei begjint de 37e edysje fan it Noordelijk Film Festival yn Ljouwert. Yn fiif dagen tiid wurde sa'n 150 films en dokumintêres fertoand. Hokker films meie beslist net mist wurde dizze wike? Festivalprogrammeur Fredau Buwalda tipt de folgjende fiif films.

Noarsk skaakwûnder

De iepeningsfilm fan dit jier is de dokumintêre Magnus oer it Noarske skaakwûnder Magnus Carlsen. De sjogger krijt troch middel fan tsien jier oan argyfmateriaal in ynsjoch yn it libben fan de skaker. "It ferhaal is fassinearjend", seit Buwalda. "Carlsen ferbaasde de wrâld doe't er op jonge leeftiid de skaaktop bestoarme. Yn de dokumintêre sjogge je de reis fan Magnus en hoe't hy mei it súkses omgiet. Magnus is in ferhalende dokumintêre, dy't sjocht as in spylfilm. Dit makket de film ek lekker tagonklik."

Romantyske boksfilm yn swart-wyt

The happiest day in the life of Olli Mäki is in op feiten basearre feelgoodfilm út Finlân. Olli hat yn de jierren 60 de kâns om wrâldkampioen boksen te wurden, mar wurdt fereale op in famke. "In yn prachtich swart-wyt filme feelgoodfilm oer in bokser, dy't eins net folle fan dwaan hat mei it boks-genre. Dizze film hat al ferskate prizen wûn en is de Finske ynstjoering foar de Oscars."

Layla M. - Jihadstrider út Amsterdam

Layla M. giet oer de 18-jierrige moslima Layla. Se groeit op yn Amsterdam, mar rekket stadichoan radikalisearre. Se trout mei in ortodokse moslim en bedarret úteinlik yn it Midden-Easten. "In tige aktuele film", seit Buwalda. "Der wurdt op iepen wize ferbylde hoe't jongeren radikalisearje kinne, sûnder dêroer in oardiel te jaan. Je krije in nijsgjirrich 'inkijkje' yn wat der by de haadpersoan spilet. Regisseur Mijke de Jong is wat my oanbelanget ien fan de bêste Nederlânske regisseurs fan dit momint. Se is sneon sels ek oanwêzich by de fertoaning fan de film."

Coming-of-age op it Letske plattelân

In famke op it Letske plattelân moat rap folwoeksen wurde as ruwe omstannichheden en in earste leafde har dêr ta twinge. Dat is te sjen yn Mellow Mud. "It Letske lânskip foarmet it dekôr fan dizze film. De film die my tinken oan de Fryske regio en it plattelânsgefoel yn Fryslân. Oer dizze prachtige film moat je net tefolle prate, mar gewoan sjen!"

Selsmoard om de wrâld te feroarjen

De ôfsluter fan it Noordelijk Film Festival is Vincent. Yn dit Belgyske drama wol de 17-jierrige Vincent himsels tekoart dwaan om de wrâld te feroarjen. As jonge miljeuaktivist is er obsedearre troch in ekologyske revolúsje. Syn ympulsive muoike besiket him te rêden. "In hearlike film om it festival mei ôf te sluten. Serieus, mar net te swier én tige grappich; dizze film hat fan alles wat!"

It folsleine programma fan it Noordelijk Film Festival is te finen op de festivalwebside. De films op it festival wurde fertoand yn stedsskouboarch De Harmonie, filmhûs Slieker en poppoadium Neushoorn.

Ta gelegenheid fan it Noordelijk Film Festival stjoert Omrop Fryslân kommende freed de Baskyske film Amama út. Amama giet oer in Baskyske boerefamylje dy't wrakselet mei it probleem fan de bedriuwsopfolging. De film wurdt om 21.00 oere op Omrop Fryslân Telefyzje útstjoerd en hat Fryske ûndertitels.

(Advertinsje)
(Advertinsje)