Danny Noppert is tefreden oer lotting Grand Slam of Darts

07 nov 2016 - 18:31
Danny Noppert - Foto: Omrop Fryslân, Mats Gies

Darter Danny Noppert fan De Jouwer hat reedlik lotte by it Grand Slam of Darts toernoai. De 25-jierrige darter docht takom wike as earste Fries ea mei oan it telefyzjetoernoai yn it Ingelske Wolverhampton. Noppert moat it yn de pûlfaze opnimme tsjin Mensur Suljovic, Nathan Aspinall en fiiffâldich wrâldkampioen Raymond van Barneveld.

It wurdt foar Noppert net de earste kear dat er tsjin 'Barney' spilet. By in demonstraasjetoernoai in pear jier lyn wûn de Jouster al ris fan de ferneamde darter út Den Haag.

''Ik fyn it in moaie lotting'', sa sei Noppert nei't de PDC moandeitemiddei de lotting bekend makke. ''Ik doch gewoan myn ding en dan sjoch ik wol hoe't it komt. As ik goed smyt, wit ik dat alles mooglik is.''

De Grand Slam of Darts is it iennige toernoai yn it jier dêr't sawol spilers fan it lukrative PDC-bûn as fan de BDO oan meidogge. Op 12 novimber sette de earste wedstriden útein. It toernoai is alle dagen live te folgjen op RTL7.

Trefwurden: 
Danny Noppert darten
(Advertinsje)
(Advertinsje)