Oanhâlding nei deadlik ûngelok fuotballer VV Waskemar

07 nov 2016 - 18:19

De plysje fan Grins hat in 45-jierrige man út de stêd oanhâlden omdat er mooglik belutsen is by it ûngelok wêrby't in fuotballer fan VV Waskemar om it libben kaam. De man melde himsels bij de plysje. Hy siet ek yn de auto dy't sneontejûn yn Grins tsjin in betonnen wand fan de noardlike ringwei botste.

Njonken it deadlik slachtoffer rekken twa oare ynsittenden swier ferwûne. It is noch altiten net dúdlik wa't der achter it stjoer siet.

(advertinsje)
(advertinsje)