Megaklus sinnepanielen gemeente Ljouwert los

08 nov 2016 - 06:06

By hûnderten húshâldingen yn de gemeente Ljouwert wurde kommende tiid sinnepanielen pleatst. Fia in spesjale ynkeapaksje fan de gemeente kinne ynwenners foar in moaie priis sinnepanielen oanskaffe. In lytse achthûndert minsken hawwe harren hjir foar oanmeld.

De earsten dy't sinnepanielen krigen hawwe binne Diederik en Nel de Vries fan Grou. Mei acht panielen hoopje se gjin jild mear kwyt te wêzen foar elektrisiteit.

Gjin subsydzje mear

Der is al in skoftke gjin lanlike subsydzje mear op sinnepanielen, mar dat is neffens foarljochtingsorganisaasje Milieu Centraal hielendal net mear nedich. Sinnepanielen binne de lêste tsien jier de helte goedkeaper wurden. Ien paniel kostet op it stuit sa'n fjouwer hûndert euro.

Flinke taname

It tal Fryske húshâldingen mei sinnepanielen is de lêste jierren flink tanommen. Yn 2008 wiene dat der noch 971 en yn 2015 wiene dat der 13.556. De gemeenten Súdwest-Fryslân, Ljouwert en De Fryske Marren skoare it it bêst yn Fryslân. Ek lanlik sjoen dogge dizze gemeenten it goed.

(Advertinsje)
(Advertinsje)