Undersyk nei luchtkwaliteit by REC Harns set útein

De ôffaloven REC yn Harns © Omrop Fryslân, Aise van Beets
Yn Harns begjint nije wike it ûndersyk nei de luchtkwaliteit. Dit ûndersyk nei de útstjit fan de restôffalsintrale REC komt der op inisjatyf fan provinsje en gemeente en wurdt útfierd mei de GGD Fryslân en it RIVM, it ryksynstitút fan folkssûnens en miljeu.
De ynstelde begeliedingskommisje advisearret om de gassen út de skoarstien fan de REC kontinu te kontrolearjen op de oanwêzichheid fan dioksines en furanen. Dit binne gemyske ôffalstoffen dy't frijkomme by ferbrâningsprosessen.
Dêrneist wurdt it advys jûn in mjitkampanje te hâlden nei de luchtkwaliteit op libbensnivo. Dat wurdt dien mei twa mjitkabines en in sâltsoermjitter. De kontrôle fan de útstjit fan de skoarstien wurdt al in jier dien en is krekt mei in jier ferlinge.