"Súdwest-Fryslân foarbyldgemeente wurkûnderfiningsplakken"

Wethâlder Stella van Gent oerhandiget it tydskrift oan steatssekretaris Jetta Klijnsma
Súdwest-Fryslân is in foarbyldgemeente as it giet om it regeljen fan wurkplakken foar minsken mei in útkearing. Dat seit steatssekretaris Jetta Klijnsma fan sosjale saken en wurkgelegenheid. Se hat moandei in tydskrift yn ûntfangst naam mei persoanlike ferhalen fan minsken dy't har troch in wurkûnderfiningsplak bij de gemeente ûntwikkelje koene. Sy kinne har no sels wer rêde.
De gemeente Súdwest-Fryslân begûn fiif jier lyn mei twa fan sokke wurkplakken, mar yntusken binne it der goed twahûndert.