Jacques Monasch stapt út PvdA-fraksje

Jacques Monasch fan Snits stapt per direkt út de PvdA-fraksje yn de Twadde Keamer. Hy bliuwt earst wol op persoanlike titel yn de Keamer sitten. Monasch seit ek it lidmaatskip fan de partij op. Dat makke er moandeitemiddei bekend op in parsekonferinsje.
Oant snein wie er noch yn de race foar it listlûkerskip fan de PvdA. Mar dêr luts er him út werom om't der in ferskil fan miening mei it partijbestjoer wie oer it flitslidmaatskip, wêrby't je foar in pear euro lid fan de PvdA wurde kinne. Dat woe Monasch graach, mar it bestjoer net.
Heel veel verdriet
Monasch betreuret syn beslút om út de fraksje te stappen en syn lidmaatskip op te sizzen. "Dit doe ik met heel veel verdriet", sei er op de parsekonferinsje yn Amsterdam. "Ik ben vanaf mijn zestiende lid van de Partij van de Arbeid. Ik heb in alle hoeken van het land voor die partij gewerkt. Maar ik vind, de PvdA moet trouw zijn aan zichzelf, moet respect tonen aan zichzelf. Ze gaat nu een kant op die ik niet langer kan dragen."
Hy lei al langer yn de clinch mei de partijlieding oer de koers fan de fraksje en de partij. De Snitser wol noch neat sizze oer hoe't syn takomst der no útsjocht.
Koälysje is mearderheid kwyt
Mei it opstappen fan Monasch as PvdA-keamerlid is de koälysje fan VVD en PvdA syn mearderheid yn de Twadde Keamer kwyt.