Plysje pakt fertochte fan oerfal

07 nov 2016 - 15:28
Foto: Omrop Fryslân

De plysje hat moandeitemoarn in Ljouwerter oppakt dy't yn juny in man op strjitte yn Ljouwert oerfallen ha soe. It slachtoffer waard in pear kear slein en de fertochte besocht fergees in ring fan him te stellen.

It slachtoffer slagge deryn in foto fan syn oerfaller meitsje. Dy foto hat de plysje mei op it spoar set fan de man dy't no oppakt is. Hy is heard en wer frijlitten, mar hy bliuwt wol fertochte yn de saak.

Trefwurden: 
oerfal Ljouwert
(Advertinsje)
(Advertinsje)