Ynhelferbod op dyk tusken Dearsum en A32 nei ûngelokken

07 nov 2016 - 15:09

De provinsje pakt dielen fan de drokke en gefaarlike Snitserdyk earder oan. De dyk wurdt yn 2018 hielendal oanpakt, mar de provinsje hellet guon wurksumheden nei foarren. Sa wurde de strepen op de dyk sa oanpast, dat de sydkanten better sichtber binne. Ek komt der in dûbele streep yn de midden, sadat der net mear ynhelle wurde mei.

De provinsje start ek in kampanje om automobilisten der op te wizen dat der faak te hurd riden wurdt op de gefaarlike dyk.

Oanlieding foar de fluggere oanpak binne de twa slimme ûngelokken fan de ôfrûne wiken op it stik dyk tusken Dearsum en de A32.

(advertinsje)